CBS ‘De Reinbôge’ yn Hilaard wint Himmelwike-bokaal

0

Hilaard – Op tongersdei 21 april hat wethâlder Bram Bonnema de Himmelwike-bokaal útrikt oan de learlingen fan CBS ‘De Reinbôge’ ýn Hilaard. De learlingen hellen yn ús gemeente it measte swalkôffal op fan alle dielnimmers. Yn 2013 en 2014 gong Hilaard der ek al mei de bokaal fantroch. Yn de Himmelwike leare bern hoe skealik swalkôffal is foar mins en miljeu en wat sy der sels tsjin dwaan kinne.

Tsien dielnimmende organisaasjes

Begjin april hawwe acht basisskoallen (Boazum, Easterein, Easterlittens, Hilaard, Itens, Wiuwert en Wommels), Doarpsbelang Wiuwert/Britswert en Bewust Grien Easterwierrum meidien oan it Himmelwike-projekt. Sy gongen mei in griper en jiskepûde de dyk op om safolle mooglik swalkôffal te sammeljen. De bern fan basisskoalle ‘De Reinbôge’ hawwe mei mar 28 learlingen mar leafst 60 kilo swalkôffal ophelle.

Jierlikse aksje

Basisskoallelearlingen út de Fryske gemeenten It Hearrenfean, Ljouwert, Littenseradiel, Opsterlân, Eastellingerwerf, Menameradiel en It Bildt stride alle jierren mei Omrin tsjin swalkôffal. Der dienen dit jier yn totaal rom 8000 bern mei oan de Himmelwike.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.himmelwike.nl.

Reageren

X
X

Deel dit met een vriend