It Literêr Sirkwy makket lûd

0

STIENS – Snein 13 febrewaris 2011 om 15:00 oere yn ’e Garaazje (Moundyk 17) yn Stiens is der in optreden fan Kramtried, tegearre mei de dichters Janneke Spoelstra, Cornelis van der Wal, Hein Jaap Hilarides en Geart Tigchelaar.

De namme 'kramtried' stiet foar in metalen tried, dat foar kramjen brûkt wurde kin. De band hâldt de boel sa te sizzen by elkoar. In twadde betsjutting fan kramtried is ‘stikeltried’. Sawol kwa muzyk as tekst wolle de bandleden de harkers stikelje. De bruorren Eibert en Geart Tigchelaar op respektivelik gitaar en slachreau Anne Renze Stiemsma as sjonger en gitarist, Nynke Tigchelaar as bassiste en Theun Hofman as perkusjonist wolle in oar lûd hearre litte as de trochsneed metalband en dat fansels yn it Frysk.

Dêrmei wolle se Fryslân kennis meitsje litte mei de tredde betsjutting fan kramtried, en dat is: Lûd en hurd op syn Frysk! Yn kombinaasdje mei de poëzij fan fjouwer bekende dichters, sil it in bysûnder barren wurde. Tagong € 4,00

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend