Teater Snits spilet prachtich stik fan Paul Haenen

0

SNITS – Kommende wike spilet Teater Snits it toanielstik “In bysûnder oangenaam fiergesicht”skreaun troch Paul Haenen en yn it Frysk oerset troch Geartrude Brouwe, de rezjy is yn hânnen fan Jelmar Hoekstra fan De Rottefalle.

It stik “ in swarte kommeedzje” wêr’t laitsjen en djipsinnige petearen elkoar ôfwikselje giet oer Liesbeth en Minke mei beide in roerich ferline, hja drage wat mei har mei, in lest, geheimen? En wat hat Foppe mei geheimen. It stik wurdt spile fan woansdei 19 jannewaris o/m sneon 22 jannewaris alle jûnen yn it Snitser Noorderkerktheater oan ‘e Kerkgracht. Oanfang 20.00 oere. Foar woansdei en tongersdei binne noch inkele kaarten te krijen oan de seal.

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend