Studiedag over weidevogels: tussen krimp en kramp

0

LEEUWARDEN – It Biologysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy en de Nederlandse Ornithologische Unie organisearje op sneon 23 oktober 2010 de stúdzjedei ‘Weidevogels: tussen krimp & kramp’.

De dei wurdt holden fan 10.00-16.00 oere yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy oan de Doelestrjitte te Ljouwert. De tagong is fergees.

Nederlân stiet bekend as in greidefûgellân. Ut in grut besef fan ferantwurdlikheid foar dizze fûgels binne der yn de rin fan de tiid gâns maatregels nommen om se te beskermjen. Nettsjinsteande dat krimpt de greidefûgelstân, in tendins dêr’t noch gjin ein oan liket te kommen. Dêrom wurdt der op dizze stúdzjedei nei de takomst sjoen. Yn acht lêzings sille saakkundigen út binnen- en bûtenlân harren ljocht skine litte op de problematyk fan de krimpende greidefûgelstân. De lêzingen wurde yn it Nederlânsk of Ingelsk hâlden. It folsleine programma fan de stúdzjedei is te finen op de website fan de Fryske Akademy: http://www.fryske-akademy.nl

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend