Villa Kakelbont fan Pippi komt yn Easterwierrum te stean – de kaertferkeap is los

Cultuur en uitgaan
Foto aangeleverd
Foto aangeleverd

EASTERWIERRUM- It Berneiepenloftspul 2023 is los en spilet dit jier PIPPI!! 26 bern út de groepen 7 en 8 fan ferskate basisskoallen út de omkriten fan Easterwierrum binne op kreative wize dwaande it avontoer fan Pippi foarm te jaan. Yn juni steane se op ‘e planken en jo kinne no al kaartsjes keapje fia www.berneiepenloftspul.nl

Peter Sybenga hat it originele stik fan de musical fan Ivo de Wijs bewurke nei in hjoeddeiske Fryske fersje. Ek al is it somtiden ûngewoan om toniel te spyljen, te dûnsjen, te sjongen...doch it mar en doar gewoan.

Pippi, It famke mei de reade sturtsjes is sa sterk dat se in hynder tille kin

Mei har “gewoane” freonen Tommy en Annika is se altiten op paad. Pippi set har ôf tsjin elkenien dy’t har opfiede wol en wol alles wêze útsein normaal en gewoan! Ik haw it noch noait dien, dus ik tink dat ik it kin! Wa is hjir net grut mei wurden?

Tsjintwurdich tinke we dat we alles kinne, dus wat seit Pippi ús no noch yn 2023

We wurde hjoed-de-dei bot bedjêrd. Alles wat we mar yn ‘e hús hawwe wolle kinne we bestelle mei ien klik op ‘e kompjûter of op ‘e telefoan. En it leafst sa goedkeap mooglik. As alles mei ien druk op in knop te bestellen is, bliuwt der dan noch wol wat oer foar de fantasij? Hellet al dat goedkeape guod net ús ferbylding fuort?

Mar lokkigernôch is dêr Pippi dy’t ús meinimt yn har ferbyldingskrêft en ús sjen lit wat de wearde fan unyk-wêzen is. Of kinne bern lykas Tommy en Annika, Pippi mei beide fuotten op de flier hâlde?

Gean mei op dizze reis fol fan glûperige oanbiedings, ferfelende folwoeksenen, mar boppedat in soad fantasij, ferbylding en freonskip. By it Berneiepenloftspul 2023! Dat wolle jo net misse!

Sjoche wy jo op 22,24,25,28,30 juny en 1 july?