Tredde roman fan Nelly Jongsma-de Jong by de KFFB

Cultuur en uitgaan
Foto Jan Jongsma
Foto Jan Jongsma

MILDAAM- By de KFFB ferskynt 8 july de roman Hilde – ferstjitten, fan skriuwster Nelly Jongsma-de Jong út Mildaam.

Hilde – ferstjitten is it oangripende en spannende ferhaal fan in famke fan sechstjin jier dat har libben libbet yn lúkse. Mei har heit en mem wennet Hilde yn in grut hûs oan ’e râne fan ’e bosk, mar se fielt har net gelokkich. Har mem is in ambisjeuze frou mei in hege funksje yn Brussel. Har heit is foar syn wurk ek meast fuort. De iensumens en it gefoel dat se oer en tefolle is, brekke har op. Dan bart der wat dat har libben alhiel op syn kop set. Hilde kiest har eigen wei, mar dochst se dêr ferstannich oan? It boek is te bestellen fia de webside fan de KFFB: www.kffb.nl Ek is it boek te keap by ferskate boekwinkels en by de winkel fan de Afûk, oan de Bûterhoeke yn Ljouwert.

Nelly Jongsma-de Jong (Haskerhoarne, 1935) wurke as learares lân- en túnboukunde en natuer- en skiekunde. It skriuwen kaam pas letter op har paad. Hilde - ferstjitten is har tredde roman. Se debutearre yn 2014 mei Brief út it ferline en twa jier letter ferskynde Moard út it ferline.

Afbeelding