Tomke jierdeisfeestje: in slagge feest foar lyts en grut

Cultuur en uitgaan
Foto Hippe kiek fotografie by Sjoeke
Foto Hippe kiek fotografie by Sjoeke

SNITS- Tomke bestiet dit jier 25 jier. Alle reden foar in feestje. Likernôch 250 entûsjaste pjutten en harren begelieders wiene dêrom sneon 18 septimber op Tomke’s jierdeifeestje fan ’e partij op it prachtige hiem fan paviljoen MeM yn Bûtenpost. Om safolle mooglik lytse fans de gelegenheid te jaan om Tomke te lokwinskjen, waard it feest oerdei yn trije tiidfakken fierd. Jûns wie der foar de ‘grutte minsken’ noch in ‘grutte-minskefeestje’ dêr’t ek de nije Tomke-skriuwers bekend makke waarden. Berber Spliethoff en Reina Smeink Kroodsma binne oan it skriuwersteam tafoege.

‘Wy sjogge werom op in bysûnder slagge dei en in moai feest’, sa seit Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk/Tomke fan de Afûk, tefreden. Troch koroana kaam de hiele planning fan it Tomke-jubileumjier op ’e kop te stean. It oarspronklike idee wie dat de moanne juny Tomkefeestmoanne wêze soe mei in Tomke-tour, allerhanne aktiviteiten én in grut feest. ‘Wy hawwe ien en oar no mear oer it jier ferspraat. Sa hawwe we fan Tomke’s jierdeifeestje net ien grut feest makke mar trije lytsere feestjes. It feest wie der absolút net minder om!’

Jierdeisfeestje foar de lytskes

Mei it fleurige Tomke-draaioargel by it ynrinnen siet de stimming der fuortendaliks yn. Fierder wiene der koarte foarstellingen mei muzyk en Tomke-ferhalen fan Janneke Brakels en Willy van Assen, Riemkje Pitstra, Geartsje Douma en Hinke Schwering fan Het Muziekbeestje. Trochrinnend wie der in speurtocht en in hiel soad romte om lekker te boartsjen. It moaie waar makke it feest kompleet.

 It ‘grutte-minskefeestje’

Jûns fierde Tomke syn jierdei mei de ‘grutte minsken’, in gesellige jûn mei (âld)meiwurkers en belutsenen fan en by it Tomke-projekt. Der wie in tal sprekkers en ek de nije Tomke-skriuwers waarden bekend makke. Om it skriuwersteam te fersterkjen wie earder dit jier in Tomkeskriuwwedstriid organisearre. Goed 60 moaie ferhalen waarden ynstjoerd. Berber Spliethoff en Reina Smeink Kroodsma wiene de úteinlike winners. Hieke Rienstra: ‘Tomke bestiet 25 jier mar mei hieltyd wer nije minsken en nije ideeën, kin it mantsje sa maklik noch 25 jier fierder.’