Ook in coronatijd staat voorzitter René Nagelhout optimistisch aan het roer van de SKS-vloot

FRYSLAN - De Sintrale Kommisje Skûtsjesilen, beter bekend als de SKS, viert dit jaar haar 75-jarig jubileum, maar de aandacht hiervoor wordt anders dan verwacht... Na een persconferentie op 21 april gaf premier Mark Rutte duidelijkheid over de maatregelen tegen het coronavirus, een niet te onderschatten en onberekenbare vijand.

Voor het SKS-bestuur was het helder: het kampioenschap van de SKS kan voor het eerst in het 75-jarig bestaan niet doorgaan! Een hard gelag, vindt ook voorzitter René Nagelhout, met wie we op de eerste dag van juli een gesprek hebben.

“De SKS hat yn har 75-jierrich bestean hege baren nommen, dit wurdt  miskien wol de heechste!”, zegt Nagelhout. Een persbericht liet eerder al weten: ‘Juist nu ervaart het bestuur van de SKS de rol van het Skûtsjesilen als cultureel erfgoed, als een passie die generaties lang de aard en het karakter van de Friese schippers heeft uitgedragen. Met deze mentaliteit gaan wij de strijd aan. Het coronavirus kunnen wij niet bestrijden, maar wij kunnen wel een fundament bieden om door te gaan. Wij gaan nu voor wat wél kan.’

Grutsk

Voordat we praten over de activiteiten die gelukkig nog wel door kunnen gaan in het jubileumjaar, stellen we de voorzitter de vraag wat de SKS persoonlijk voor hem betekent.

“Oh, dat fyn ik wol in hiele moaie fraach. Ik bin no 54 jier en ik waard as lyts jonkje al belutsen by it skûtsjesilen doe’t ik der mei ús heit en mem nei ta gong. It skûtsjesilen is in reade tried troch myn libben. Earst as Wâldseinder jonkje en letter waard ik al gau frege om sitting te nimmen yn it bestjoer fan de kommisje yn ús doarp, dat sil no twa jier lyn wêze. Doe’t ik earder SKS-foarsitter Bouwe Westerdyk tsjinkaam, sei ik tsjin him dat ik miskyn wol wat mear dwaan woe foar de SKS. It skûtsjesilen libbet enoarm by mij en Wâldsein. Doe’t Keimpe Klaas van der Meulen yn 1985 kampioen wurde mei it Wâldseinder skûtsje wie it in geweldich feest. It stie op’e brêge tidens de huldiging yn it doarp foller as tidens de Alvestêdetocht. Fantastys!

Elk jier at de skûtsjes nei Wâldsein kamen en de skippers by ús troch it doarp rûnen, de sfear, de silerij en it feest dat is sa bysûnder! Dat gefoel is der noch altyd. En dat we it écht mei mekoar dogge en dat ik no foarsitter fan sa’n feriening wêze mei, dêr bin ik grutsk op. Foarsitter wêze te meien fan sa’n feriening dy’t ien fan de moaiste sportspektakels organisearret yn ús provinsje, is echt bysûnder. We dogge it allegear mei beleving en benammen mei elkoar. As foarsitter mei ik sa út en troch ris wat sizze en dat is ek wolris lêstich. De spanning sit f’ral tusken de topsport en de orizjinaliteit fan it skûtsjesilen. Op dy spanningstried balansearje wy konstant. Hoe hâlde wy wat west is, sûnder de takomst út it each te ferliezen, de ûntwikkeling dêryn? Dy takomst moat foar elkenien helder wêze.

De skippers en bemanningen belibje it as topsport en sa wurdt it ek benadere, der wurdt yn ynfesteard en traind. Dy jonge skippers fiele dat sa, mar se hawwe ek each foar de tradysje, it is eins net yn wurden út te drukken. Doe’t ferline jier in foto makke is fan Sietze Brouwer en mij, waard dat byld fongen. Ik neam it faak it skûtsje DNA, it sit by al dy skippers.”

Immaterieel Erfgoed Nederland

Hier vertelt een Wâldseinder die weet wat Fries cultureel en sportief erfgoed is en dat op de dag dat bekend wordt dat het SKS-skûtsjesilen een plekje heeft bemachtigd op de Inventaris Immaterieel Erfgoed Nederland.

“Dat is hartstikke bysûnder. Dat it SKS-skûtsjesilen yn it foarportaal  fan it Nederlânse erfgoed komt te stean foar it Unesco-ferhaal. We krije dêr in stimpel mei en mear as dat, in soad wurdearring dat wy as feriening besjoen wurde dy’t der alles oan docht om dit unike spektakel te bewarjen. It is net samar even in ‘leuke’ sylwedstryd, it hâldt folle mear yn. It is echt erfgoed dat wy koesterje, no al 75 jier. Om no krekt yn it jubileumjier dat predikaat te ontfangen is fansels prachtich.”

Hoe teleurstellend is het dan, dat nu juist in dit jubileumjaar niet gezeild kan worden om it sulveren skûtsje?

“Dat is bysûnder teloarstellend! It slacht letterlik in gat yn dit jier, dat we net sile kinne, it is hiel wrang. Krekt yn dit jubileumjier wie der noch folle mear reuring om it skûtsjesilen west as der oars al wie. It docht gewoan sear. It falt allegear fuort en we sykje it no yn oare dingen. Ik bin ek hiel bliid mei de tentoanstelling ‘Eén grote familie, 75 jaar SKS-skûtsjesilen’ yn it Fries Scheepvaart Museum. En der sil ek in prachtig boek oer de skiednis fan ús feriening ferskine. Mar eins is it bizar dat de kampioenssilerij dit jier net trochgiet”, verzucht Nagelhout.

Overlevingsdrang

In de stilte die na dit commentaar volgt ligt alle onmacht van de voorzitter en eigenlijk de hele vereniging. De emotionele oproep van met name schipper Gerhard Pietersma die er toch alles aan wilde doen om de silerij door te laten gaan is een exponent die Nagelhout ook wel begrijpen kan. “De silerij is foar my ek in wichtich ûnderdiel fan myn libben wurden. Ik sit no njoggen jier yn it bestjoer, wêrfan fjouwer jier as siktaris en no it fiifde jier as foarsitter. Ik wit net better as dat der yn’e simmer sylt wurde kin. Ik ha al in rotgefoel dat der net sylt wurde kin, kinst neigean wat dat by Gerhard en de oare skippers docht. Mar it kin echt net!”

Eerder liet de preses in een persbericht het volgende al weten : ‘Onze vereniging heeft bewezen heel veel overlevingsdrang en creativiteit in huis te hebben. Het SKS-bestuur doet een beroep op deze creativiteit omdat passie en hoop heel dicht bij elkaar liggen. Maar bovenal omdat wij ons verantwoordelijk voelen voor het welzijn van iedereen die het SKS Skûtsjesilen een warm hart toedraagt.” 

De grootse uitdaging voor het SKS-skûtsjesilen?

“De grutste útdaging sil wêze dat ús omgeving oansluting fynt by ús op it gebiet fan de wedstrydorganisaasje. De easken dy’t steld wurde oan de evenementen bestjutte in hiele grutte ferantwurdlikens foar de frijwilligers binnen ús organisaasje. Dêr binne we ús bewust fan en dêr wurkje wy hurd oan. Dat dogge we yn goed oerliz mei de provinsje, de gemeentes en ynstânsjes. Dy hawwe wy hiel hurd noadich de kommende jierren om te soargjen dat wy in evenemint organisearje dat droegen wurdt troch frijwilligers.

Gelokkich hawwe we eigen kennis en ervaring yn’e hûs om te soargjen dat it yn goede banen lieden wurdt. Us omgeving begiet hieltyd mear te easkjen omtrint regels en wetjouwing. In foarbyld? Der kaam op in gegeven stuit in eask om in bufferzone yn te stellen. In boeienrij, dêrnei twa skipslingten en dan wer in nije boeierij dêr’t it publyk achter sit. Mar hoe sille wy soks op Earnewâld dwaan? Dat wurdt dan in fjouwerkante postsegel dêr’t wy sile moatte. Kânsleas. Ik neam dat eksplisyt, want Earnewâld, de Feanhoop en Grou, de ûndjiptes, dêr komme wy wol wei!”

Op 12 en 13 september wordt er gezeild om de SKS-jubileumbokaal op de Langwarder Wielen, als de voorschriften van het RIVM dit toelaten.

Tekst en foto's: Henk van der Veer



Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Sneek

Wees loyaal – aan onze vrienden