Sneon Slach by Warns Betinking

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

WARNS- Sneon 24 septimber o.s. sil de 75e betinking fan de Slach by Warns wêze. Dit jier sil Albert van der Ploeg sprekke oer it ferline en de takomst fan it buorkjen. Albert van der Ploeg is ûnder oare deeltiidboer, foarsitter fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden en foarsitter fan it Kollektiven Berie Fryslân.

Syb van der Ploeg sil, begelaat troch Wiebe Kaspers, in tal lieten sjonge en Sigrid Kingma, dichter fan Fryslân, draacht in tal eigentiidske gedichten foar.

Nei ôfrin is der in foarumdiskusje mei de sprekker, wethâlder Henk de Boer fan Súdwest-Fryslân, geiteboer Wilbert Boersma en de lêst buorkjende boer fan Skarl. De betinking is op it Reaklif by Warns en begjint om 13.45 oere. Sjoch foar eftergrûnynformaasje op slachbywarns.frl.