Sjouke Kalsbeek winner sylkompetysje De Fryske boerepream

TERHERNE  - Op sneon 17 septimber 2022 is de lêste wedstriid sylt yn de kompetysje 2022 fan De Fryske boerepream. Dit evenemint fûn plak fanút Terherne op de Terkaplester Puollen. Sjouke Kalsbeek út Raerd mei pream 22 de Symen Durk, wie nei 11 wedstriden al seker fan syn earste plak en prolongeare dermei syn kampioenstitel. 

Ek yn 2021 waard hy earste. Nei de oaren stie der in behoarlik gat mar dan waard it spannend. Underling wiene de ferskillen lyts. Der soenen trije wedstriiden sylt wurde. Mar troch it rûzige waar waard troch it bestjoer besletten nei de earste wedstriid te stopjen.

Útslach:
Kompetysjewedstriid Terherne 17 septimber 2022
1 nr.  45 Jolanda mei skipper Pieter Jilles Tjoelker
2 nr.  33 Lege Geaën mei skipper Erik Jansma
3 nr.  44 Reidplûm mei skipper Wiebe van der Pol

Sylkompetysje 2022 De Fryske boerepream
1 nr. 22 Symen Durk mei skipper Sjouke Kalsbeek.
2 nr. 44 Reidplûm mei skipper Wiebe van der Pol.
3 nr. 45 Jolanda mei skipper Pieter Jilles Tjoelker.

Grutste stiiger yn de kompetysje 2022 is Erik Jansma wurden mei de Lege Geaën. Hy is fan it lêste plak yn 2021, troch corona ûntstien, nei plak 5 gong. Hy krige de Zwaga bokaal útrikt.




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Sneek

Wees loyaal – aan onze vrienden