Arnold Rosier oanwiisd as steategriffier    

Ljouwert- Arnold Rosier (45) út Ljouwert is troch Provinsjale Steaten oanwiisd as nije steategriffier. Rosier nimt dy funksje waar sûnt april ferline jier.  Op 1 april 2019 ûntstie der in fakatuere mei it fuortgean fan de doetiidske steategriffier Gerben Huisman. Arnold Rosier is doe ynearsten as ynterim-griffier beneamd. 

Rosier hat in brede ûnderfining by de Provinsje Fryslân. Sûnt 2006 hat er ferskate liedingjaande funksjes op ferskillende ôfdielingen hân. Foar’t er ynterim-griffier waard, wie Rosier haad Omjouwingssaken. Dêrnjonken wie er fan 2010 oant 2018 lid fan de gemeenteried fan Ljouwert. 

Mei it yn wurking treden fan de Wet Normalisering Rechtspositie Ambtenaren beneame de Steaten de griffier net mear, mar wize se de griffier oan. 

 

 



Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Sneek

Wees loyaal – aan onze vrienden