Omrop Fryslân mei Simmer yn Fryslân freed de hiele dei yn Aldegea, Idzegea en Sânfurd

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

ALDEGEA- Omrop Fryslân is kommende freed mei it programma Simmer yn Fryslân yn Aldegea, Idzegea en Sânfurd.

\n

It programma set útein om 8.20 oere mei in petear mei Frank Ypma, dernei komme Piet Bootsma en Jos Tio mei harren skiff en de Skomskowers, geane we nei de 50-jierrige kamping De Bearshoeke en is der ek omtinken foar it renovearde doarpshús It Joo.

Middeis sjocht Christien Lycklama à Nijeholt foarút nei de Puolletocht op 11 septimber en it boek dat Harmen Akerboom makket oer de skiednis fan ús puolle-lânskip. Gryt Witbraad draachtt in moai gedicht foar as oade oan ús lanskip.

Yn Idzegea, is der in besite oan it mearsidiche famyljebedriuw fan de Reijenga’s en der is ek omtinken foar it tsjerkje fan Sânfurd mei Ygram Ykema. Op TV sil Siebe de reporter fan Omrop Fryslân it doarp sjen litte, wurdt der sjoen by Kuuk en Lenie yn harren ferboude tsjerke, by de selfiewand en by Doris Mooltsje.

Tusken 17.00 – 17.15 oere is de ôfslúting mei in stikmannich muzikanten fan doarpsfanfare Eendracht Maakt Macht en Doarpsbelang by it leugenbankje (by rein yn It Joo).

Fansels fan herte wolkom om live mei te lústerjen mar fansels kinne jimme ek thús meiharkje, 92.2 FM of fanôf 17.45 oere jûns op Omrop Fryslan TV. In moaie Aldegea-promoasje dizze dei!