Nije roman: De wûndere leafde fan Emine en Einte fan Willem Verf

Cultuur en uitgaan
Foto AFUK
Foto AFUK

LJOUWERT- By de Afûk is ferskynd: De wûndere leafde fan Emine en Einte fan Willem Verf. De beide haadpersoanen út it boek Bûtenman en Bûtenfrou, Emine en Einte, dy’t elkoar troffen yn Istanbûl, op ’e flecht foar har ferline, binne ek de haadpersoanen yn dizze nije aktuele leafdesroman.

Emine wit dat hy like fereale is op har as sy op him. Wêrom besiket er har dochs te ûntrinnen? Einte wrakselt mei de fraach: kin dat, mei dat, hat ien dy’t in moard ferswijt it rjocht om echt fan in oar minske te hâlden? Undertusken bringe hja bern grut, meitsje se suksesfol muzyk en wurde se meinommen troch de aktualiteit en de famyljeskiednis. Dit is it relaas fan in wûndere leafde – yn in boek dat ek prima te lêzen is foar wa’t Bûtenman & Bûtenfrou net ken.

Oer de auteur

Willem Verf debutearre yn 1982 mei de roman It bliuwt pielen. Yn 1984 krige er de Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân foar syn ferhalebondel In delgeande tiid. Mei de roman Tiid fan libjen hied er trije jier letter in protte sukses. Fierder hat Verf noch skreaun: It swijen net wurdich (2008), Bûtenman & Bûtenfrou (2013) en It sinfol bestean (2017).

Presintaasje

De presintaasje fynt hjoed plak om 15.00 oere yn it pop-up kafee ‘De Gouden Leeuw’ yn Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert. Nei in koarte yntroduksje troch de skriuwer sil Tet Rozendal in tal lietteksten dy’t ûnderdiel binne fan de roman foardrage, Jaap Louwes soarget foar de muzyk.

Boekgegevens De wûndere leafde fan Emine en Einte Auteur: Willem Verf Utfiering: paperback ISBN: 978 94 93159 43 3-Tal siden: 344 Ferkeappriis: € 26,50 websjop.afuk.frl