Nij by Utjouwerij Hispel: Oar hûs - Et andet hus: Fryske en Deenske poëzy yn twatalige oersetting

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

SNITS- De alderearste Frysk-Deenske blomlêzing presintearret oersette fersen fan fjouwer dichters út Fryslân en fiif Deenske dichters, allegear út Aarhus. It idee foar de blomlêzing ûntstie doe’t de Fryske dichters in besite brochten oan Aarhus en fielden dat hja harren in oar hûs fûn hienen, fandêr de titel Oar hûs/Et andet hus.

Mei gedichten fan: Elmar Kuiper, Geart Tigchelaar, Cornelis van der Wal, Syds Wiersma, Annemette Kure Andersen, Tomas Dalgaard, Peter Laugesen, Mads Mygind en Carsten Rene Nielsen.

http://www.hispel.nl/oarhus.html