Nij boek Snitser Freddie Scheltema

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

SNITS- It nije boek fan Freddie Scheltema leit no yn de winkels. It boek, mei de titel ‘It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen’, is in samling fan koarte ferhalen mei gedichten. It is proaza oer it deistige libben mar wol mei in flinke knypeach. Want der mei best wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer.

It is de skriuwer syn fiifde boek mar syn tredde yn it Frysk. Syn eardere wurk waard nominearre foar de Douwe Tamminga priis en de Rink van der Velde priis.

‘It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen’ is útjûn troch Bornmeer en is te keap by boekhannel Van der Velde Sneek.