Nij boek mei Fryske ferhalen fan Ytsje Hettinga

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

KOUDUM- Op 3 septimber ferskynt it nije Fryske boek fan de Koudumer skriuwster Ytsje Hettinga. Hiemhûn en oare ferhalen is in bondel mei koarte ferhalen dy’t har net allinne op it hiem ôfspylje. De skriuwster nimt jin mei nei de strjitte, it doarp, de stêd en fierder. Mei in laits en in trien folgje we de personaazjes yn Hiemhûn fan beukerskoalle nei libbensein. Dêr tuskentroch komme we harren yn ferskate, soms werkenbere, situaasjes tsjin. Guon ferhalen binne anekdoatysk, oaren in miks fan fiksje en non-fiksje.

Ytsje Hettinga is berne by Dokkum (1946) en kaam, nei op in tal oare plakken wenne te hawwen, troch de leafde foar fêst telâne yn Koudum. Neist boerin wie, en is sy noch, aktyf op ferskaat kultureel mêd. Yn 2002 krige se in Rely Jorritsmapriis. Neist ferhalen en gedichten skriuwt Ytsje ek toaniel en set stikken oer, haadsaaklik foar de teätergroep Sult dêr’t se benei yn alle produksjes op de planken stiet.

Mei de debútbondel Lange fingers en tichte skuon (2007) reizge Ytsje tal ferieningen en organisaasjes ôf om foar te lêzen út eigen wurk. Tuskentroch publisearre se yn ferskate sammelbondels foar proaza en gedichten. Ut en troch krige se prizen foar har ferhalen. Guon fan dy ferhalen binne opnommen yn dizze nije bondel. Hiemhûn wurdt op 3 septimber yn lytse rûnte presintearre en is dêrnei te krijen yn Fryske boekhannels en fia de webside fan Utjouwerij DeRyp.