Nei 170 jier ‘De Winskhoed fan Fortunatus’ fan Waling Dykstra yn boekfoarm

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

SNITS- Op sneon 3 juny o.s. ferskynt de ferhalesearje ‘De Winskhoed fan Fortunatus’ fan de Fryske skriuwer Waling Dykstra nei 170 jier foar it earst yn boekfoarm, yn in twatalige, Frysk-Nederlânske útjefte.

Folksskriuwer Waling Dykstra (1821-1914) skreau tusken 1851 en 1853 trettjin ferhalen en in ynlieding foar it tydskrift De Fryske Húsfreon ûnder de noemer ‘De Winskhoed fan Fortunatus’. Om’t er benaud wie foar rebûlje oer syn maatskippijkrityske teksten, publisearre er de rige ûnder de skûlnamme Japik Japiks.

Japiks waard doedestiids yn sawol de Fryske as de Nederlânske parse romme om syn fertelkeunst en  ‘pittige’ formulearringen. Ek letter wie der lof: neffens ferteller en romanskriuwer Reinder Brolsma hearde ‘De Winskhoed’ ta it bêste Fryske proaza fan de njoggentjinde iuw.

Skriuwer en dichter Abe de Vries hat de teksten byinoar brocht yn in justjes modernisearre Fryske stavering en fokabulêr, en fersoarge sawol in ynliedend essee as de Nederlânske oersetting.

De presintaasje sil plak fine op sneon 2 juny o.s. yn Spannum, middeis om 18.00 oere. Der wurde dy middeis fjouwer earste eksimplaren oanbean, oan fjouwer Waling Dykstra’s. Trije fan harren spylje mei yn it iepenloftspul dat op 8 juny yn premjêre giet yn Spannum.

Boekpresintaasje Utjouwerij DeRyp; https://utjouwerij-deryp.nl/