It neidiel fan ’e twivel is de twadde jeugdroman fan I.E. Bloem

LJOUWERT- By útjouwerij Afûk is in nij boek ferskynd fan de hân fan fan I.E. Bloem. It neidiel fan ’e twivel is in spannende en aktuele jeugdroman dy’t him ôfspilet yn Italië oan it begjin fan de koroana-pandemy. It is it twadde jeugdboek fan dizze auteur dy’t in flot en tagonglik ‘coming-of-age’- ferhaal skreaun hat.

Ynhâld

Bas hat al it ien en oar meimakke as er nei Italië giet foar in útwikselingsprojekt fan skoalle. Hy hat it dêr prima nei ’t sin en wurdt al gau fereale op de mysterieuze Julia. Mar dan grypt it coronafirus om him hinne en de bûtenlânske studinten moatte daliks op it fleantúch nei hûs. Kin Bas syn grutte leafde sa achterlitte, krekt no’t se har geheimen oan him ferteld hat? En hoe sit it eins mei syn eigen ferline?

Oer de skriuwer

I.E. Bloem is in pseudonym. De auteur jout dêr yn it Friesch Dagblad fan 20 maaie 2020, nei oanlieding fan it ferskinen fan syn/har earste jeugdroman Eudaimoania, de folgjende taljochting op: “De wichtichste reden is dat oandacht totaal net oan my bestege is: yn dizze sin bin ik eigenheimisch en stean ik op myn privacy. Sadwaande diel ik leaver ek gjin details oer bygelyks leeftyd, geslacht of myn wenplak...”.

Boekgegevens It neidiel fan ’e twivel Auteur: I.E. Bloem Utfiering: paperback ISBN: 978 949 315 9716 Ferkeappriis: € 16,95 www.afuk.frl

 




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Sneek

Wees loyaal – aan onze vrienden