‘It Deiboek fan Anne Frank’, bysûnder toanielstik yn Top en Twel

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

TOPENHUZEN/TWELLEGEA- Moed, optimisme en trochsettingsfermogen. Dat hat toanielselskip Fordivedaesje út Top en Twel yn oerfloed! Entûsjast binne sy op ‘e nij útein setten mei de rippetysjes foar ‘It Deiboek fan Anne Frank’ om dit bysûndere toanielstik yn april/maaie takom jier foar it fuotljocht te bringjen.

Yn it ramt fan 75 jier befrijing soe dit stik yn it foarjier fan 2020 útfierd wurde mar de Covid-lockdown smiet in spanner yn ‘e wurken. Tige spitich want it wie de earste kear dat de Fryske oersetting fan it orizjinele Broadway-stik ‘Diary of a Young Girl’ earne binnen op ‘e planken set wurde soe. Mar regisseur Rense Rotsma, de spilers, dekorbouwers, ljocht- en lûdminsken en produksjemeiwurkers hawwe opjaan net yn harren wurdboek stean. Sy hienen der de foarige kear al tige hurd foar wurke om fan dizze primeur in trochslaand sukses te meitsjen en mei dyselde ynset pakke sy de tried no wer op.

Erkenning

Rotsma liet earder al sjen in trochsetter te wêzen. De Amerikaanske stifting dy’t de rjochten fan it stik yn hannen hat woe yn earsten gjin tastimming jaan foar in Fryske ferzje omdat sy de útfiering yn dialekten ferbean hienen. Rotsma is doe persoanlik nei New York ta flein mei in offisjeel skriuwen fan de Provinsje en in yn it Ingelsk oersetten kopy fan de Grûnwet om te bewizen dat it Frysk gjin dialekt is mar in offisjeel erkende twadde rykstaal.

Dat makket yndruk en hy krijt de rjochten. Earst foar in Iepenloftspul in Deinum, dat ûnderskieden waard mei twa Gouden Gurbes. En no dus as toanielstik yn Top en Twel wêr’t Fordivedaesje mei stikken as bygelyks ‘Ien fleach oer it koekoeksnêst’ en ‘Sneinsbern’ de heechste klasse fan Stifting Amateurtoaniel Fryslân berikt hat.

Fan 22 april oant en mei 4 maaie 2022 is Fordivedaesje fan doel fiif foarstellings te spyljen yn MFC It Harspit yn Toppenhuzen. De kaarten dy’t foar 2020 ferkocht wiene wurde automatysk omsetten nei in nije datum. De kaarthâlders hawwe dêroer berjocht krigen. Foar wa’t noch net reservearre hat, binne der noch kaarten te keap. De foarstellings binne op freed 22, sneon 23 en sneon 30 april fan 20:00-22:30. Op snein 1 maaie is der in matinee fan 15:00-17:30 en op woansdei 4 maaie (Deadebetinking) in spesjale útfiering fan 20:05-22:45. Sjoch op Fordivedaesjetopentwel.nl foar mear ynformaasje oer dit yndrukwekkende stik, de spilers en de kaartferkeap.