In goed sin is de bêste pronk: muzykfoarstelling om melkerstiid

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

GREONTERP- Op snein 12 juny klinkt der muzyk yn it lân fan De Ryp. Moarns betiid om 5.00 oere en middeis om 16.30 oere. Melkerstiid! Sintraal yn de foarstelling steane de siswizen fan boere-arbeider Gerben Rypma. Rypma hie in fin mear as in bears. Hy skildere, makke gedichten en betocht hûnderten siswizen. Hy liet him dêrby ynspirearje troch syn omjouwing, it wetterlân fan De Ryp.

Komponist Feike van Tuinen fan Drylts makke passende meldijen by in seleksje fan siswizen. Dizze op muzyk sette siswizen foarmje de basis fan de foarstelling ‘In goed sin is de bêste pronk’. Ben Brunt (bariton) en Saskia Zoet/Sjoukje van der Velde (piano) steane foar de muzikale útfiering. Fertelle Douwe Kootstra hat him ferdjippe yn de persoan Gerben Rypma. Yn de foarstelling bringt hy him foar it publyk ta libben. De rezjy is yn hannen fan Cristiaan Ybema fan Nijlân.

De foarstellings fine plak yn it lân achter De Tempelpleats, De Ryp 9 yn Greonterp. Binne jo derby? Moarns by it opgean fan de sinne of yn de waarmte fan de neimiddei? Kaarten foar

€ 15,- fia www.gerbenrypma.nl.