Grut ûnderhâld Johannestsjerke

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

TOPPENHUZEN- De Johannestsjerke yn Toppenhuzen stiet op it stuit yn de stegers foar grut ûnderhâld. Dêr binne ferskate bedriuwen (ek út ús doarpen) mei dwaande ûnder lieding fan Sybout Reitsma, wêr ’t it Kolleezje fan Tsjerkerintmasters tige mei ynnommen is.

De folgjende wurksumheden sille útfierd wurde: daksgoaten skjinmeitsje en fervje - los mitselwurk op ‘e nij ynmitselje - ferruske gevelankers behannelje - pleatslik foechwurk behannelje - foarsetramen derfoarwei, alles himmelje en sa nedich fervje - ramen wer te plak bringe - stegers ôfbrekke - grûnwurk útfiere by de fûndearring lâns en dêr it mitsel- en foechwurk meitsje.

Boarne: https://www.topentwelonline.nl

Afbeelding