Fryske muzikanten smeekje om plakje op Aaipop Doel fan Stifting Aaipop al foar Peaskemoandei slagge

Cultuur en uitgaan
Foto: Facebook Aaipop
Foto: Facebook Aaipop

Nijlân – De kaartferkeap fan Aaipop rint as it slydjaget. Al mear as de helte fan de kaarten binne ferkocht. Wylst de Line Up al bekend makke is komme noch altiten artysten harren melde by it bestjoer fan it Frysktalige festival. Stifting Aaipop ûnderfynt dat de Frysktalige muzyk noch altiten libbet ûnder de Fryske artysten. Hoewol harren muzykstriid Lytske Aaipop net troch gie begjin dit jier, om’t der mar ien opjefte wie, melde bands harren noch altiten oan foar Aaipop 2023.

\n

 

Spitigernôch sit it Aaipop festival kwa Line Up hielendal fol. Mei achtjin bands binne alle poadiums opfolle mei Fryske artysten. Salang der gjin bands útfalle, moat Stifting Aaipop de muzikanten teloarstelle. Mooglik dat dit de muzikanten motivearje takom jier mei te dwaan oan Lytske Aaipop yn Nijlân.

Stifting Aaipop rekket op in protte minsken no de kaartferkeap sa hurd giet. Kaarten binne te ferkrijen fia de webstee fan Aaipop. De Stifting riedt de besikers oan harren kaart foarôf te keapjen om’t ferline jier it festival al rap op’e dei folslein útferkocht wie. Op it grutste Frysktalige festival is plak foar 2.500 besikers. Ûndanks de romte dy’t de Stifting kreëare hat foar in ekstra poadium kin it terrein net mear besikers kwyt. Dit is ek gjin doel opsich foar de Stifting, hja wolle safolle mooglik Frysktalige artysten een plak jaan om harren wurk hearre te litten. Dit doel is mei de útwreiding fan in ekstra poadium en in gruttere Line Up al slagge foardat it festival los giet op Peaskemoandei yn Nijlân.