Fjouwer gedichten en ferhalen bekroane mei de Rely Jorritsmapriis

Elmar Kuiper
Foto Henk van der Veer

Ljouwert- De winners fan de Rely Jorritsmapriis 2022 binne bekendmakke. It giet om fjouwer gedichten en fjouwer ferhalen.

Yn de kategory ferhalen foelen 'De Dûns' fan Wilco Berga, 'De sjongende ridder' fan Sjoerd Bottema, 'Skaakles' fan Sipke de Schiffart en 'Scapa Flow' fan Geert Nauta yn de prizen.

'Wy bin' klaai' fan Edwin de Groot, 'Vox Celeste' fan Fedde Dijkstra, 'Biografy' fan Elmar Kuiper en 'In Winter' fan Minne Velstra wienen de bêste gedichten.

Der kamen dit jier yn totaal 74 ynstjoeringen binnen. It giet om 42 gedichten en 32 ferhalen.

De Rely Jorritsmapriis is in priis foar de bêste Fryske ferhalen en gedichten. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en bekroant maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen. Elts bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1.000 euro. De sjuery bestie dit jier út Rianne Blokzijl, Beart Oosterhaven en Oene Spoelstra.

Rely Jorritsma (1905-1952), berne yn Jellum, hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moast foar de bêste gedichten en ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd.




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Sneek

Wees loyaal – aan onze vrienden