Ferdinand de Jong skriuwt Frysk Kadoboek 2022

ORANJEWALD - Skriuwer Ferdinand de Jong (Oranjewâld, 1969) skriuwt it Frysk Kadoboek 2022. Yn 2010 ferskynde fan him syn earste roman ‘Guozzeflecht’. Twa jier letter krige hy de Rink van der Velde priis foar syn roman ‘It dak fan ’e wrâld’. Syn lêste roman ‘De tredde perioade’ (2018) is ek yn it Nederlânsk ferskynd.

Ferdinand de Jong: “It is fansels prachtich as je frege wurde om it Kadoboek te skriuwen. It foardiel fan in Kadoboek is dat lêzers ek ris wurk fan in skriuwer ûnder eagen krije dêr’t se oars net daliks in boek fan keapje as lêze soenen. De útdaging is dan fansels om in boek te skriuwen dat krekt dy lêzers ferliedt om mear fan jo wurk te lêzen.”

Fryske Boekewike yn oktober 2022

It Kadoboek wurdt presintearre op freed 28 oktober 2022 tidens it Frysk Boekefeest, dat spesjaal op fersyk fan de Kadoboek-skriuwer diskear yn Oranjewâld plakfine sil. De Fryske Boekewike set takom jier útein mei it Boekefeest yn Oranjewâld op freedtejûn 28 oktober. It Kadoboek is dêrnei de hiele Boekewike fan 29 oktober o/m 6 novimber fergees te krijen by oankeap fan in boek. It Kadoboek fan 2022 wurdt útjûn in gearwurking mei útjouwerij Bornmeer.

Ilja Leonard Pfeijffer yn it Frysk

It nasjonale Boekenweekgeschenk wurdt yn 2022 skreaun troch Ilja Leonard Pfeijffer. De Fryske oersetting wurdt makke toch Jetske Bilker. Yn de nasjonale Boekenweek, 5 o/m 13 maart takom jier, is de Fryske oersetting fergees te krijen by oankeap fan in Frysk boek.

It Kadoboek en de Fryske oersetting fan it nasjonale Boekenweekgeschenk binne beide in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten en projekten fan Boeken fan Fryslân op de fernijde webside: www.boekenfanfryslân.frl.

 

 




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Sneek

Wees loyaal – aan onze vrienden