Elbrich Ouderkerken wint Lytse Gysbert Japicxpriis

Cultuur en uitgaan
Foto Tresoar, Haye Bijlstra.
Foto Tresoar, Haye Bijlstra.

 

\n

BOALSERT- Sneon wûn Elbrich Ouderkerken út groep 8 fan basisskoalle De Blinker yn Boalsert de Lytse Gysbert Japicxpriis. Wethâlder Mirjam Bakker joech har de Gouden Fear foar it gedicht ‘De berchein’.

\n

De priis wurdt om it jier útrikt oan in learling út groep 7 of 8. De provinsje en wy stypje de priis. Sa komme bern nammentlik op in kreative wize yn oanrekking mei it Frysk én it ferhaal fan Gysbert Japicx. De sjuery bestie út Thijs Meester (akteur), Lida Dijkstra (Berneboeke-ambassadeur), Tjitske van Dijk (Afûk) en wethâlder Bakker. Supergoed dien, Elbrich!