Ekstra foarstellingen Kneppelfreed yn Paleis fan Justysje

Cultuur en uitgaan
Foto Lucas Kemper
Foto Lucas Kemper

LJOUWERT- Ofrûne freed is de lokaasjefoarstelling Kneppelfreed yn premjêre gien. Sa as al bliken die út de resinsjes yn ’e kranten spylje we fanwege de grutte belangstelling troch oant en mei 19 desimber 2021.

Yn it ympostante Paleis fan Justysje spilet Kneppelfreed, in foarstelling oer u.o. it fjoerige proses op freed 16 novimber 1951, wer ‘t net allinnich Fedde Schurer foar it gerjocht stie, mar ek de Fryske identiteit. In rjochtsaak oer it brûken fan de Fryske taal yn’e rjochtseal, dat útrûn op in histoaryske rel.

Santich jier letter is de posysje fan de Fryske taal yn’e rjochtseal ynienen wer aktueel wurden: troch it ferset fan de rjochtbanktolken tsjin de lege fergoeding is der op dit stuit gjin Fryske tolk oanwêzich by de rjochtbank en it hôf. In moasje om de fergoedingen te ferheegjen hat it net helle yn ’e Twadde Keamer.

Pier21 en Harmonie

Kneppelfreed is in ko-produksje fan Pier21 en De Harmonie, mei in bysûndere gearwurking mei it Gerjochtshôf Arnhem-Leeuwarden. Yn in regy fan Sjoeke-Marije Wallendal en ûnder artistike lieding fan Jos Thie spilet in topcast mei ûnder oaren Joke Tjalsma en Ali Zijlstra in tekst fan Bouke Oldenhof. De foarstelling is lykas de histoaryske rjochtsaken sawol Frysk- as Nederlânsktalich.

Foar dizze bysûndere foarstelling binne noch kaarten beskikber. Sjoch foar mear ynformaasje en kaarten op www.kneppelfreed.frl