Eeltsje Hettinga wint Gysbert Japicxpriis 2021

Cultuur en uitgaan
Foto De Moanne
Foto De Moanne

LJOUWERT- Eeltsje Hettinga hat de wichtichste Fryske literêre priis, de Gysbert Japicxpriis, wûn foar de gedichten dy’t er skreau as Dichter fan Fryslân. De priis wurdt op 6 novimber útrikt yn De Tiid yn Boalsert, as ôfsluter fan in wike mei literêre aktiviteiten.

\n

De sjuery fan dit jier bestiet út Nynke Heeg, Hein Jaap Hilarides en Jannes van der Velde. Sy jouwe advys oan de provinsje dy’t de priis formeel takent en oerlanget. De advyskommisje hat wurk beoardiele dat publisearre is yn de perioade 2017 oant en mei 2020.

Gewoanwei wurdt de Gysbert Japicxpriis takend foar in bondel, in roman of oeuvre. De advyskommisje fan dit jier is fan miening dat de publikaasjes yn de Fryske media en op de webside fan ‘Dichter fan Fryslân’ genôch binne om de ienheid fan it wurk dúdlik te meitsjen.

Dichter fan Fryslân

Eeltsje Hettinga wie de earste Dichter fan Fryslân. Hy moast as ambassadeur de aktualiteit en sosjaal-maatskiplike tema’s yn Fryslân yn poëzy ferwurdzje. Fan 2017 oant 2019 skreau er hast tritich gedichten.

Ek oersetter en skriuwer

Hettinga waard yn 1955 berne yn Burchwert. Hy wurke jierrenlang as selsstannich sjoernalist. Yn 1998 debutearre er mei ‘Akten fan Winter’. Dat wurk waard bekroand mei de Fedde Schurerpriis. Syn bondel ‘Ikader’ waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013.

Neist de publikaasje fan fiif poëzybondels is Hettinga ek op oare mêden literêr aktyf, as oersetter en skriuwer fan monografyen en essays. Hy wurket fierders gear mei byldzjend keunstners en hâldt al jierren in eigen bloch by.