De Sutelaksjes binne wer los: it Fryske boek hûs oan hûs!

Cultuur en uitgaan
Foto Jacob van Essen
Foto Jacob van Essen

BALK-Keatsferiening De Helfrichs yn Kimswert en streekharmony Concordia yn Balk hienen de primeur. Dêr gienen de earste twa fan in rige fan sân Sutelaksjes yn septimber en oktober fan start. Fiifentweintich kroaden mei Fryske boeken gienen hûs oan hûs by de doarren lâns om it Fryske boek út te suteljen. De opbringst yn beide doarpen lei yn totaal op mear as €3.700,-.

Sutelaksje-koördinator Ferdinand de Jong is optein: “Wy binne hiel bliid dat der nei in ferlern jier wer sutele wurde kin. Foar it skreaune Frysk en foar de dielnimmende ferieningen is it in effektive wize fan gearwurkjen. Fryske boeken wurde by jo oan ‘e doar brocht en de ferieningen hâlde dêr in moaie bûssint oan oer.”

Foarsitter Rennie Niezink fan keatsferiening De Helfrichs yn Kimswert wie bliid mei de opbringst: “Wy hawwe takom jier ús 125-jierrich jubileum, dat dan is dit in hiele moaie ynstruier foar de feestpot.”

Foar Annieke Voogd, bestjoerslid streekharmony Concordia yn Balk, wie it alwer de tredde kear dat sy in Sutelaksje organisearren: “De Sutekaksje libbet yn it doarp. It is echt in sosjaal barren sa mei de hiele klup. En it is in moai ekstraatsje foar de feriening!”

De earstfolgjende Sutelaksjes steane pland op 25 septimber yn Terwispel, 7 oktober yn Jorwert, 8 oktober yn De Rottefalle, 16 oktober yn Wergea en 20 oktober yn Easterwierrum.

Doch mei!

De Sutelaksje fan Boeken fan Fryslân bringt it Fryske boek hûs oan hûs rûnom yn Fryslân. Ferieningen dy’t in Sutelaksje organisearje, krije 25% fan de omset yn harren klupkas stoart. Oanmelde kin fia www.boekenfanfryslan.frl.

Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek troch de promoasje en organisaasje fan ferskate projekten en aktiviteiten.