Twa kear trije is fjouwer: Pippi Langkous no ek yn it Frysk

LJOUWERT- By útjouwerij Afûk is de Fryske edysje fan Pippi Langkous ferskynd. It boek is útjûn ta eare fan de 75ste jierdei fan it sterkste famke fan de wrâld en befettet de dielen Pippi Langkous, Pippi Langkous giet oan board en Pippi Langkous yn Taka-Tuka-lân. De Fryske oersetting, út it Sweedsk wei, is fan Martsje de Jong.

Earste eksimplaar

It earste eksimplaar is tongersdei  troch Martsje de Jong útrikt oan stimaktrise Paula Majoor yn Bussum. Paula Majoor, de ‘wrâldferneamde’ stim fan Pippi yn Nederlân, wie tige fereare mei it earste eksimplaar fan de Fryske edysje en sy fûn it bysûnder knap dat Martsje de Jong de ferhalen streekrjocht út it Sweedsk nei it Frysk oersetten hat. Martsje de Jong wie op har beurt fereare om it earste eksimplaar oan Paula Majoor oanbiede te meien: ‘Hiel bysûnder foar my’, sa seit Martsje: ‘Ik ha Pippi oersetten mei de yntonaasje fan har stim yn myn achterholle.’

Astrid Lindgren

De ferhalen oer it kleurrike famke Pippi binne it resultaat fan de libbene fantasy fan de Sweedske skriuwster Astrid Lindgren (Sweden 1907-2002). Lindgrens skriuwerskarriêre begûn eins op ’e dei dat har dochterke har om in ferhaal frege; dat waard in ferhaal oer Pippi Langkous. Dêrnei skreau Astrid Lindgren mear as tweintich boeken, dy’t oer de hiele wrâld ferskynd binne. Har wurk waard talleaze kearen bekroand, ûnder oaren mei de Hans-Christian-Andersen-Medaille en de Sweedske Steatspriis foar Literatuer.

Foar de Fryske Pippi is in soad belangstelling en de Afûk ferwachtet dan ek dat de earste oplage fan 1000 eksimplaren foar de krystdagen al skjin op is.

 




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Sneek

Wees loyaal – aan onze vrienden