Iepenloftspul Jorwert giet troch dit jier

JORWERT- Iepenloftspul Jorwert is dit jier op ’e nij losgien mei de repetysjes en tariedingen foar it Iepenloftspul #freonen?! dat ein augustus en de hiele moanne septimber yn Jorwert plakfine sil.

De foarstelling #freonen?! stie foar 2020 op it program, mar it sil nimmen fernuverje dat troch alle omstannichheden dy net trochgean koe.
Hoe spitich dat ek wie, it moaie is dat wy de fantastyske foarstelling #freonen?! no noch te goede hawwe en it stik oanpast is oan de aktualiteit. In berjocht fanút Jorwert:
                                                                                                                                                    
De bouploech hat yn trije sneonen al it oe sa wichtige en keunstige fûnemint foar it dekôr boud, de produksjeploech bûcht him kontinu oer de technyske heechstantsjes fan de foarstelling en de spilers binne wakker oan it repetearjen mei de teksten. It skript is dêrnjonken dit foarjier ûnder hannen nommen en hat dêrmei in update krigen nei it post-koroanatiidperk. It stik spilet him ôf krekt nei, of yn it sturtsje fan de krisis. Yn it no dus.
 
Tjerk Kooistra (artistyk lieder), Nynke Eerligh (saaklik en produkjselieder) en it bestjoer sizze: “Hoe’t it ek komt, wy wolle wer spylje!” Fansels kinne en meie jim fan ús ferwachtsje dat wy ús hâlde oan alle regels en altyd alderearst tinke om de sûnens fan meiwurkers en publyk.
 
#freonen?! (hest-ek-freonen) is ynspirearre op de Italiaanske film Perfetti Sconosciuti en troch Tjerk Kooistra en Anke Boersma bewurke nei in eigen Fryske plattelânsfariant.
It stik bringt jo as besiker yn elts gefal yn beweging, taskôgers sitte nammentlik op in draaiskiif en draaie om it spylpoadium hinne. Sa krije jo as publyk de kâns om alles sawol letterlik as figuerlik fanút ferskillende perspektiven te sjen.
 
#freonen?! is in komeedzje oer de reüny fan in groep jonges
 
Se wienen altyd byelkoar: Ap, Frâns, Freek, Wybe en Willem.
Doe’t se jong wienen, hienen se in eigen romte makke yn it hok fan de âlders fan ien fan de maten; in plak dat se D'Allemansfreon neamden. En dêr sieten se altyd. No’t de manlju tsjin de fjirtich rinne, komme se der noch, mar no noch mar ien kear yn ’t jier. Alle jierren is dy reüny in feest fan werkenning en in opheljen fan anekdoates. It binne oer it generaal hiel gesellige jûntsjes.
Dochs wol dit jier, foar it earst nei koroana, de sfear mar net loskomme. Is dat omdat de froulju sûnt koart ek wolkom en der dus by binne? Of omdat ien fan de jonges ferstek gean lit? Of is it de moannefertsjustering dy't oansteande is en foar in krachtefjild soarget? Feit is dat elk dizze jûn benammen mei de mobyl dwaande is. Dêrom beslute se in spultsje te dwaan om te ‘toetsen’ oft se echt alles fan elkoar witte: de mobyltsjes komme iepen op tafel te lizzen. Alle berjochten dy’t ynkomme, wurde dield mei elkoar. Yn it earstoan liket it in hiel ûnskuldich spul, mar al gau docht bliken dat it in katastrofale draai jout oan de jûn.
Dy jûn en nacht wurdt dúdlik dat de manlju elkoar hielendal net sa goed kenne en elkenien mear geheimen hat as tocht. In net nei te kommen relasjoneel slachfjild is it gefolch. En dat liedt ta de fraach: is it somtiden ek better om net alles te witten?
 
#freonen?! is in iepenloftspul dêr’t it publyk him echt even goed twa oeren yn ûnderdompelje kin. It sit grôtfol humor, mar de laach derûnder is in serieuzere. It is dêrmei yn ús optyk in perfekte foarstelling om alles even achter dy te litten en dy ûnder te dompeljen yn de o sa grappige soares fan oaren.




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Sneek

Wees loyaal – aan onze vrienden