Hoe kin it dat Friezen de lokkichste minsken fan Nederlân binne?

SNITS- Hoe kin it dat Friezen de lokkichste minsken fan Nederlân binne? Tryater giet op ûndersyk út.

Tatiana Pratley makket har earste teaterprojekt as artistyk direkteur by Tryater: It gelok fan Fryslân, in fjouwer jierrich projekt, dat ein augustus útein set. Foar dizze earste edysje fan It gelok fan Fryslân meitsje we it grutste geloksgedicht oait, makke fan de antwurden dy’t minsken jouwe op de fraach wêr’t se gelokkich fan wurde. It geloksgedicht foarmet it útgongspunt foar de teatrale kuier.

Fan 18 juny ôf wurde der yn Marssum, Reduzum, Koarnjum, Kollum, Feanwâlden, Jorwert, Wommels, Winaam, Eastermar, Wyckel geloks-brievebussen delsetten. Tryater ferspriedt kaartsjes, oer hiel Fryslân, dêr’t de fraach op steld wurdt wêr’st gelokkich fan wurdst. De kaartsjes kinne yn de brievebussen dien wurde óf weromstjoerd wurde nei Tryater. Fan alle antwurden meitsje we it langste Geloksgedicht oait.

En dan, fan ein augustus oant begjin novimber, strike we alle wiken del yn ien fan de doarpen. Oan ‘e hân fan it Geloksgedicht meitsje we in teatrale kuier. Foar minsken út it doarp, mar ek foar elkenien fier dêrbûten. Dizze aventoerlike teatrale audio-kuiertocht meitsje we yn gearwurking mei de mienskip, it wurdt in rûte dy’t alle sintugen iepenet en it publyk fiele lit wêr’st allegear lokkich fan wurde kinst. Yn elk doarp in oare rûte, alle wiken in oare ûnderfining. Want it gelok fan Eastermar is oars as it gelok fan Jorwert of Winaam. As in karavaan fan gelok lûkt Tryater fan plak nei plak en elkenien krijt in ferrassende poëtyske ûnderfining.

Friezen binne net de rykste, mar wol de gelokkigste minsken fan Nederlân. Dat blykt út ûndersyk fan it CBS. As jild net bepalend is foar it gelok yn Fryslân, wat dan wol? Aukje Schaafsma, Karel Hermans en Tatian a Pratley geane fjouwer jier lang op ‘e syk nei It gelok fan Fryslân. Elk jier op in oar plak en yn in oare foarm. Alle kearen spylje de ynwenners fan Fryslân in wichtige rol.

Artistieke lieding en konsept: Tatiana Pratley, Aukje Schaafsma, Karel Hermans; regy: Brecht Wassenaar, Janneke de Haan, Raymond Muller, Trieneke Verbeek, Theun Plantinga, Eline de Vries, Ekko de Bakker, Tamara Schoppert, Romke Gabe Draaijer, Sjoerd Blom; tekst de mienskip gedicht: Sytse Jansma; muzyk: Peter Sijbenga

 


Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Sneek

Wees loyaal – aan onze vrienden