NIJLAN- It bestjoer lit witte dat Aaipop dit jier net trochgean kin troch de coronamaatregels. “Al is in laaivestream noch in opsje”, seit it bestjoer.

 

It sil net in ferrassing wêze, mar in Aaipop sa’t we it kinne komt der dit jier net. We hoopje wol wat oars delsette te kinnen, mar dat is ôfhinklik fan de maatregels. Pieter, ús muzykman, fertelde der oer by de Omrop.

“As bestjoer sjogge we fansels nei de saken dy’t noch wol kinne. Sa ha we fanôf septimber 2020 moanliks in online gearkomste om ideeen mei elkoar út te wikseljen. Welke fan de plannen we útwurkje, is op it stuit noch net bekind. Wannear’t dat wol it gefal is, hearre jim wer van ús!”

Aaipop yn karantêne

“Ast in protte net mear meist, begjinst te sykjen nei saken dy’t noch wol kinne. Fandêr dat wy op Peaskemoandei ‘Aaipop yn karantêne’ organisearje.

Ferskate artysten ha meiwurke oan dit inisjatyf. Tank dêrfoar.  Op Peaskemoandei stjoere wy fanôf 14.00 oere in oantal opnames út fan bands, sjongers en sjongsters op de tiid wêrop se oars spylje soenen op Aaipop 2020.  Aaipop yn karantêne is te folgjen fia Facebook.

Wolst no sels ek meidwaan oan ‘Aaipop yn karantêne’? Stjoer dyn Frysktalige fideo opname fia WeTransfer nei ynfo@aaipop.nl, dan prutse wy dy yn’e line-up.

Tagong is fergees, drinken en iten is te finen yn jo eigen kuolkast.”