Fryske ferhalen en fersen socht foar 67e Rely Jorritsmapriisfraach

SNITS- De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2021 is iepensteld. It is de 67ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa't gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of in fers ynstjoere.

In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en bekroant maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro. De sjuery foar 2021 bestiet út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven.

Winsk fan Jorritsma sels

Rely Jorritsma (1905-1952), berne yn Jellum, hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de bêste fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd.

Ofrûne jier wienen der trije winnende bydragen. Elmar Kuiper út Jorwert wûn in Rely mei it ferhaal 'Ni Hao' en Sjoerd Bottema út Weidum mei syn ferhaal 'Total loss'. Syds Wiersma út Ljouwert krige de priis foar syn gedicht 'It famke'. Der wiene 88 ynstjoeringen.

Wa't meidwaan wol, kin oant en mei 9 maaie in ferhaal of fers ynstjoere nei ynfo@stiftingflmd.frl.