Column Burgemeester Jannewietske de Vries: Der falt wat te kiezen

Politiek
Foto gemeente SWF
Foto gemeente SWF

SNEEK-Op 15 maart meie wy wer nei de stimbus. Dizze kear foar de Provinsjale Steaten en Wetterskip Fryslân. En der falt wat te kiezen!

It liket miskien wolris in fier fan myn bêd show, mar dat is it net. Provinsje en wetterskip nimme besluten oer saken dy’t ús allegear oangean. Underwerpen dy’t in soad yn it nijs binne. Tink oan stikstof, wetter, lânbou, natuer, klimaat. Hoe’t wy dêr mei omgean is bepalend foar de takomst, fan ús en ús bern. Lit witte watsto der fan fynst.

Mei ús allen kinne en moatte wy foarm jaan oan de mienskip dy’t wy wêze wolle. En hoe’t wy ús provinsje ynrjochtsje wolle. It is net in saak fan en-en-en. Wy moatte keuzes meitsje oer wat wy belangryk fine. Rint it wetter ús oer de skuon, wat hawwe de boeren nedich, wat is goed foar de natuer? Mar ek, hoe komt it mei it iepenbier ferfier, binne doarpen en steden goed berikber?

Stimhulpen

Ik kin my foarstelle datst noch net wist op wa ast stimme silst. Wat fine de partijen? Wa steane der op de kieslisten? Meitsje gebrûk fan de ferskate online stimhulpen om der achter te kommen wa’t it beste oanslút by watsto fynst. Sjoch op:

Provinsje Fryslân

Wetterskip Fryslân

Stimpassen

De stimpassen binne al op de matte fallen. Dat do kinst woansdei 15 maart mei stimpassen en identiteitsbewiis op alle stimburo’s yn ús gemeente terjochte.

Gjin stimpassen krigen? Ek foar in oar stimme? Stimme op in stimburo bûten de gemeente?
Antwurden op dizze en oare fragen fynst op: https://sudwestfryslan.nl/onderwerp/verkiezingen/


Er valt wat te kiezen!

Op 15 maart mogen we weer naar de stembus. Deze keer voor de Provinciale Staten en Wetterskip Fryslân. En er valt wat te kiezen!

Het lijkt misschien wel eens een ver-van-mijn-bed-show, maar dat is het niet. Provincie en Wetterskip nemen besluiten over zaken die ons allemaal aangaan. Onderwerpen die vaak in het nieuws zijn. Denk aan stikstof, water, landbouw, natuur, klimaat. Hoe we daar mee omgaan is bepalend voor de toekomst, van ons en onze kinderen. Laat weten wat jij ervan vindt.

Samen kunnen en moeten we vorm geven aan de mienskip die we willen zijn. En hoe we onze provincie willen inrichten. Het is niet een kwestie van en-en-en. We moeten keuzes maken over wat wij belangrijk vinden. Loopt het water ons over de schoenen, wat hebben de boeren nodig, wat is goed voor de natuur? Maar ook, hoe komt het met het openbaar vervoer, zijn onze dorpen en steden goed bereikbaar?

Stemhulp

Ik kan me voorstellen dat je nog niet weet op wie je gaat stemmen. Wat vinden de partijen? Wie staan er op de kieslijsten? Maak gebruik van de verschillende online stemhulpen om er achter te komen wie het beste aansluit bij wat jij vindt. Kijk op:

Provincie Fryslân

Wetterskip Fryslân

Stempassen

De stempassen zijn al op de mat gevallen. Dus je kunt woensdag 15 maart met stempassen en identiteitsbewijs op alle stembureaus in onze gemeente terecht.

Geen stempassen gekregen? Ook voor iemand anders stemmen? Stemmen op een stembureau buiten de gemeente?
Antwoorden op deze en andere vragen vind je op onze website.

Contact

14 0515

Contactformulier

Praat mar frysk

Afspraak maken >

Gemee