Column burgemeester Jannewietske de Vries

Foto Henk van der Veer

SNEEK- Naar aanleiding van de gebeurtenissen afgelopen maandag tijdens de protesten bij het distributiecentrum van Poiesz schreef burgemeester Jannewietske de Vries de volgende column, yn it Frysk en het Nederlands.

Pikefel

Moandeitemoarn ried ik nei it wurk en kaam by de rotonde by Dearsum del. Ik krige pikefel fan it stille protest fan de trekkers dy’t om de rotonde opsteld stiene. Ik koe doe noch net betinke wat de dei fierder bringe soe.

Yn Súdwest-Fryslân binne wy wiis mei ús agraryske sektor en ús lânskip. Súdwest-Fryslân is yn oerflakte de grutste gemeente fan Nederlân mei it grutste bûtengebiet. Dit hiele fitale bûtengebiet is ûnderdiel fan ús DNA. Us boeren binne hurde wurkers dy’t net mei alle winen mei waaie, dy’t harren net sa gau fan it sintrum bringe litte. As sy de needsaak fiele om sa massaal fan harren hearre te litten, dan steane sy mei de rêch tsjin de muorre.

Doe’t de minister koartlyn mei de stikstofdoelstellingen nei bûten kaam, binne wy fuortendaliks mei de boeren yn ús gemeente yn petear gien. De plannen binne hurd oankaam. Hjir hie gjinien rekken mei hâlden. Net yn ús gebiet wêr’t safolle boeren al sa lang hurd wurkje oan duorsum buorkje. Boeren mei hert foar harren bedriuw en de sektor as gehiel. Sy hawwe goede ideeën oer mear natuerynklusyf en sirkulêr wurkje. Mar mei de plannen út Den Haach hat it entûsjasme om mei ús allen de skouders der ûnder te setten in flinke dreun krige. Dat fiele wy allegear. En ek it ûnbegryp hoe’t it liket oft it stikstofprobleem folslein by de boeren dellein is.

Dêrom binne wy moandeitemiddei mei it hiele kolleezje op ’e fyts nei de aksjefierders by it distribúsjesintrum yn Snits gien om te sizzen dat wy om tafel sitte en dat sy dêrby komme koene. Omdat it in lanlike aksjedei wie, hawwe wy wol romte jûn oan it protest. It wie spitich dat de sfear jûns ferhurde doe’t hieltyd mear oare groepen der by kamen. Doe hawwe wy yngrepen. En dat hat de plysje hiel rêstich en oerwage oanpakt. Us begryp foar de boeren is der net om feroare.

Wy moatte de hannen ynien slaan en mei ús allen oplûke. Lykas wethâlders De Boer en Dam al seinen yn it statement dat ús kolleezje 21 juny nei bûten brocht: “Wy sille yn Den Haach noch better it ferhaal fan ús boeren en ús buorkjen fertelle moatte. Wy kinne tegearre mei ús boeren komme ta in ekologysk tûke en lykwichtige bedriuwsfiering. De boeren moatte de ferantwurdlikheid hawwe om de omslach te meitsjen en wy kinne harren deryn begeliede. Wy moatte de boeren de kâns jaan! De transysje op it plattelân sille we mei syn allen stâl jaan moatte.”

Jannewietske de Vries, boargemaster

 

Kippenvel

Maandagochtend reed ik naar het werk langs de rotonde bij Dearsum. Ik kreeg kippevel van het stille protest van de trekkers die opgesteld stonden om de rotonde. Ik kon toen nog niet bedenken wat de dag verder nog zou brengen.

In Súdwest-Fryslân zijn we heel blij met onze agrarische sector en ons landschap. Súdwest-Fryslân is in oppervlakte de grootste gemeente van Nederland met het grootste buitengebied. Dit hele vitale buitengebied is onderdeel van ons DNA. Onze boeren zijn harde werkers die niet met alle winden meewaaien, die niet zomaar uit het lood geslagen zijn. Als zij de noodzaak voelen om zo massaal van zich te laten horen, dan staan ze met de rug tegen de muur.

Toen de minister kortgeleden met de stikstofdoelstellingen naar buiten kwam, zijn we meteen met de boeren in onze gemeente in gesprek gegaan. De plannen zijn hard aangekomen. Hier had niemand rekening mee gehouden. Niet in ons gebied waar zoveel boeren al zo lang aan de slag zijn met duurzaam werken. Boeren met hart voor hun bedrijf en de sector als geheel. Ze hebben goede ideeën over meer natuurinclusief en circulair werken. Maar met de plannen uit Den Haag heeft het enthousiasme om met z’n allen de schouders eronder te zetten een flinke klap gekregen. Dat voelen we allemaal. En ook het onbegrip dat het lijkt alsof het stikstofprobleem volledig bij de boeren is neergelegd.

Daarom zijn we maandagmiddag met het hele college op de fiets naar de actievoerders bij het distributiecentrum in Sneek gegaan om te zeggen dat we om tafel zitten en dat ze daarbij kunnen aansluiten. Omdat het een landelijke actiedag was, hebben we ruimte gegeven aan het protest. Het was jammer dat de sfeer ’s avonds verhardde toen er steeds meer andere groepen bij kwamen. Toen hebben we ingegrepen. En dat heeft de politie heel rustig en weloverwogen aangepakt. Ons begrip voor de boeren is er niet door veranderd.

We moeten de handen ineenslaan en gezamenlijk optrekken. Net zoals wethouders De Boer en Dam al zeiden in het statement dat ons college 21 juni naar buiten bracht: “Wy sille yn Den Haach noch better it ferhaal fan ús boeren en ús buorkjen fertelle moatte. Wy kinne tegearre mei ús boeren komme ta in ekologysk tûke en lykwichtige bedriuwsfiering. De boeren moatte de ferantwurdlikheid hawwe om de omslach te meitsjen en wy kinne harren deryn begeliede. Wy moatte de boeren de kâns jaan! De transysje op it plattelân sille we mei syn allen stâl jaan moatte.”

Jannewietske de Vries, burgemeester

 

 




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Sneek

Wees loyaal – aan onze vrienden