Blauhúster susters hiene wichtige rol yn de oarloch.

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

BLAUHUS- Mei de deadebetinking op woansdei 4 maaie yn Blauhûs, wurdt dit jier ek stilstien by it goede wurk fan de ‘Zusters van de Voorzienigheid’. Sy hawwe yn ‘40-‘45 yn it St Theresiagesticht – no Teatskehûs – leafdefol evakuees opfongen.

Ienfâld, beskieden, hulpfeardich en gastfrij wiene en binne nocht altyd de deugden fan harren Kongregaasje.

Ida Hylkema fersoarget nei de betinking in lêzing mei as titel ‘De Voorzienigheid yn oarlochstiid’.

Sitaat. ‘De hongerwinter dy’t benammen it westen fan Nederlân trof, waard ek field yn Blauhús. Net fanwege de honger, mar fanwege de minsken dy’t de honger besochten te ûntflechtsjen. Ferskate kearen waard nachts oanbelle troch sjauffeurs dy’t auto’s fol bern brochten fan Amsterdam, De Haach, Utert’.

De betinking begjint 4 maaie om 19.15 oere mei in stille tocht fan de Sint Vitustsjerke nei it tinkplak by it Teatskehûs. Hjir spilet Fanfare Blauwhuis ûnder oare ‘Ukrainian Athem’ fan musikus Henk de Haan. Dan folgje de krânslizzingen, groet troch feteranen, blomlizzingen, last post, twa minuten stil en de folkslieten. Oanslutend is de lêzing troch Ida Hylkema yn it Atrium fan it Teatskehûs.

Afbeelding
Afbeelding