Bûtlân

Algemeen
Afbeelding

SNEEK- Afgelopen vrijdagavond een mooi tafereeltje in Jutryp. Daar werd een trekker met een pontje overgezet. Op de wagen een aantal balen met vers gemaaid gras. We vroegen Jantine Nauta, wat zij nog wist over hoe haar familie vroeger het gras van de Bûtlânen haalde. Voor meer foto’s tik op de pijltjes!

\n

“It lân leit yn de Wite en Swarte Brekken en is nei de ruilverkaveling yn hânnen fan Staatsbosbeheer. En boeren út de omjouwing brûke/beheare it lân. It is fûgel- en natuurgebied. Winters leit in gedeelte ûnder wetter. It levert krûderyk gers.

It binne de, by ús thús neamde Bútlânnen. Ús pake Haring Nauta hie d’r al lân wêr’t mei in grutte izeren moterboat en de pream it fee hinne brocht waard (faaks pinken). Sneins gie pake, en letter ús heit d’r hinne om te pinketellen.

Kofjedrinke by de familie Kroles of Vlasman, Snitser family’s dy’t in hiele simmer mei de boat der bivakearden. De Lange Warren, de lange achte û.o. dat wie ‘ús’ kant. Oan de oare kant Ids Groenveld mei  Fûgeltsjelân. Simmers meane, skodzje, swylje en perse.

Ûngetiidzje. Moarns mei in lege trekker en weinen mei de pont oer: Lûke oan kabels fol drek om op eigen krêft oer te kommen. En nei in lange, waarme dei mei twa weinen fol heapakken wer werom te kearen.

Wy as bern boppe op de karren. Kom der no marris om. Koffy, tee en bôle mei. Myn âldste suster hat it noch oer koffie yn Exotaflessen. As d’r thús wat wie, keallerij of sa dan moast ien fan ús op’e fyts nei de pont, sjen of d’r in roeiboat lei en oars in farende passant freegje of’t se je oersette woene in it boadskip oer te bringen. Pre-mobiel tijdperk. It sil 1978 west hawwe dat de âld McCormick noch fan de pont ôfsjitten is, sa it wetter yn. It pypke stuts boppe it maaiem út en doe’t ‘r op’e kant takele wie, wie it ‘starten en draaien’.

Tot slot van deze bijdrage nog een mooi nostalgisch vers van Jantine Nauta, die tegenwoordig in Ysbrechtum woont.

De geur van hooi

en van de zon

Een oude tractor,

Massey Fergusson

Trillende warmte

opstijgend uit het gras

Het geluid van vogels

en van hoe het was

Fietsers, twee bij twee

Zacht pratend,

genietend koffie mee.

Zoet geurend

Lievevrouwebedstro

Deze mooie dag,

deze rust

Wat een cadeau…

Afbeelding
Afbeelding