Bern fan ‘De Legeaen’ lizze natoergebiet oan by skoalle

Algemeen
Afbeelding

Sibrandabuorren - Op 26 en 28 april wie der, bij moaie waarsomstannichheden, flink aksje bij de nije skoalle yn Sibrandabuorren. Yn groepkes fan fiif, mei help fan de âlders en meiwurkers fan ‘Donker Groen Sneek’, gong men oan de slach. Der binne mar leafst 400 beammen en planten troch de bern fan mienskipsskoalle ‘De Legeaen’ yn Sibrandabuorren yn ‘e grûn setten.

It plein is omtovere yn in prachtich lyts natoergebiet. Dêr’t yn de lêste winter de bern noch mei slydsjes fan de heuvels glieden, stiet it no fol mei bloeiende beammen en struken. Sa wurdt de natoer bij de bern brocht en de bern ha dit wurk mei in protte entûsjasme en leafde dien.