Fryske Foarlêswike 4 o/m 8 juny 2012
mei 24, 2012
Fryslân 24 maaie 2012 – Oeral yn Fryslân wurdt fan 4 o/m 8 juny foarlêzen yn it Frysk oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Dit jier wurdt foar de 10e kear foarlêzen! Der wurdt foarlêzen troch pakes en beppes, troch heiten en memmen, mar der binne ek bekende Friezen dy’t harren ynsette foar de Fryske Foarlêswike. Sa lêze dit jier ek in tal boargemasters foar: boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân, boargemaster Boertjens fan Ljouwerteradiel, boargemaster Crone fan Ljouwert en boargemaster Veenstra fan Frjentsjerteradiel. En fansels dogge de Stellingwerven ek wer mei.
It Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse stipet de Fryske taal en kultuer. It Selskip hat yn 23 gemeenten en fiif wurkgebieten yn Fryslân kontaktpersoanen, dy’t de brêge slagge tusken pjutteboartersplakken en foarlêzers, sadat op hast elk pjutteboartersplak foarlêzen wurdt. It tal bernedeiferbliuwen dat meidwaan wol nimt alle jierren ta. Nij is dat gastâlders ek meidogge. De organisaasje fan it projekt wurdt droegen troch frijwilligers en kriget mei dêrtroch strukturele subsydzje fan de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert.


