Súdwest-Fryslân freget ynwenners nei miening oer it Frysk

0

Sneek/Snits- Súdwest-Fryslân makket dit jier in nij taalbelied Frysk foar de perioade fan 2019 ôf. Ynwenners wurde frege om mei te tinken. Fan ’e wike krije 8900 ynwenners in enkête yn ’e bus, mei fragen oer hoe’t de gemeente omgean moat mei de Fryske taal. Dat is 10% fan it totale oantal ynwenners fan ’e gemeente.

Dêrneist giet de gemeente yn petear mei in oantal riedsleden, Sintrum Frysktalige Berne-opfang, Cedin, de Provinsje, de Afûk en soarchoanbieders. It doel is om dúdlik te krijen wat de mienskip wol oangeande it Frysk.

‘In libbene taal’

Wethâlder Stella van Gent ropt alle ynwenners dy’t in brief krigen hawwe op om de enkête yn te foljen. Oft je no foar of tsjin it Frysk binne. “Ik bin benijd oft ús ynwenners ek fine dat it Frysk oer hûndert jier noch bestean moat en sa ja, hokker rol wy dêr as gemeente yn spylje kinne.”

De wethâlder fynt sels dat it Frysk bliuwe moat. “It Frysk is in libbene taal, in taal dy’t trochjûn wurde moat fan generaasje op generaasje.” Sy wit dat der Frysktaligen binne dy’t harren bern net mei of yn it Frysk grutbringe. “Ik bin tige benijd wêrom. Dat is dan ek ien fan ’e fragen fan ’e enkête. Miskien kinne wy dêr as gemeente wat yn betsjutte.”

Omtinken foar streektalen

Yn ’e enkête steane fragen oer hoe faak en wêr’t de ynwenners it Frysk brûke, mar ek oft de gemeente mear Frysk skriuwe moat yn brieven en advertinsjes, of oft de gemeente skoallen en soarchoanbieders stimulearje moat om mear Frysk te brûken. Yn ’e enkête is ek omtinken foar streektalen lykas it Hylpersk, Snitsers en Boalserters.

Foar en tsjin mei syn miening jaan

Fansels is net elkenien foar it Frysk. Troch de enkête nei willekeurige adressen út ’e stêden en doarpen te stjoeren, besiket de gemeente in represintatyf byld te krijen.

De gemeente ferwurket reaksjes op ’e enkête by it opstellen fan nij belied Frysk foar de perioade fan 2019 ôf. “Ik fyn it belangryk om by alles wat wy foar it Frysk dogge nei te gean oft dit fan ynfloed is op hoe’t it Frysk in folweardich plak yn ús mienskip hat, njonken it Nederlânsk”, seit wethâlder Van Gent.

Foto Henk van der Veer

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend