Griet Op de Beeck haadgast op Boekefeest yn Ljouwert

0

Ljouwert- Fan 10 maart o/m 18 maart is de Nederlânske ‘Boekenweek’. Griet Op de Beeck skriuwt it boekewikegeskink Gezien de feiten dat fan’t jier foar de alderearste kear ek yn it Frysk ferskynt. De oersetting mei de titel: Sa’t it lân derhinne leit is fersoarge troch Jetske Bilker.

De Flaamske skriuwster Griet Op de Beeck is sneon 10 maart om 19.30 oere yn Schaaf City Theater yn Ljouwert te gast op it Boekefeest, tegearre mei in tal bekende Fryske skriuwsters. Griet Op de Beeck is ien fan dé skriuwsters fan dit momint. Sy is haadgast op it Boekefeest en dat is in moaie oanlieding om ek fiif froulike Fryske auteurs in poadium te jaan op it Boekefeest. Dat binne Jetske Bilker, Hilda Talsma, Elske Schotanus, Baukje Zijlstra en Neeltje Bonnema.

Under lieding fan sjoernaliste Wendy Kennedy wurdt der ûnder oaren praat oer it fenomeen ‘froulju yn de literatuer’. Fansels is der ek omtinken foar harren wurk. Griet Op de Beeck fertelt benammen oer har eigen wurk en oer Gezien de feiten.

De jûn wurdt oplústere mei muzyk op vinyl út de jierren ‘50/’60 troch Radio Barkas.

In organisaasje fan Boeken fan Fryslân (Afûk) en Van der Velde Boeken.

Kaarten kostje yn de foarferkeap € 7,50 en binne te bestellen by de Afûk en online fia de webshop www.afuk.nl en Van der Velde Boeken yn Ljouwert. Oan de kassa € 10,00.

 

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend