In Ferdwinen earste fers Dichter fan Fryslân

0

Ljouwert- Ein novimber 2017 waard Eeltsje Hettinga offisjeel beneamd ta Dichter fan Fryslân. Hjirûnder it earste fers dat Hettinga as Dichter fan Fryslân skreaun hat.

Op freed 2 febrewaris sil de Dichter fan Fryslân mei in foardracht de iepening fersoargje fan it Lân fan Taal-gebou OBE yn Ljouwert.

IN FERDWINEN

He disappeared in the dead of winter W.H. Auden

Inkeld labyrint binne de dagen

in sykjen by in ferdwinen

fan hy dy’t libben it libben sei,

in lûd dat it hert fan hiel

’t hielal tikjen en tromjen die,

o, hoe’t alles kloppe, útlitten,

fûl en klear yn ’e oere fan

in jonkheid, sis, a knock

knock knockin’ on heaven’s door.

Yn in sykjen by in ferdwinen

rint yn de romten achter toer en

klok elk spoar dea en stomp,

sa’t alle yn stegen en gloppen

opfandele kamerabylden, oars

net sizze as: ‘Nee, nee, net sjoen,

nee, nee, net heard, nee, nee,

wy witt’ fan neat’, dêr’t de stêd

in spul fan mist en skimen is.

Inkeld labyrint de dagen

by in ferdwinen yn in sykjen

sûnder ein, sa’t alle fragen

sûnder útsjoch binne, blyn as

dizze nacht de dize fan winter,

omwaarjend oer kanalen en

brêgen en tuorren en grêften,

dôf foar it wurd dat it hert fan

hiel ’t hielal tik en tromjen die.

@ Eeltsje Hettinga

 

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend