Alderwetsk gesellige Toanieljûn Blauhús

0

Blauhûs-Sneon 16 desimber is der yn kafee De Freonskip fan Blauhûs wer in âlderwetsk gesellige toanieljûn. Dan wurdt yn de nije seal fan it kafee it súksesfolle stik Kredyt opfierd.

Knilles giet de wrâld yn, hy moetet de Twentske Hettie, sy skriuwt in boek oer in Fryske artyst. De politiker, Peke van der Klamp, nimt alfêst wat kredyt op de demokrasy. Jabke, it fleksibel postkantoar, sortearret de post yn it kafee.  Wa’t net bestiet hoecht ek gjin post te krijen. Sa folle minsken, sa folle ferhalen.  Yn Kredyt komme se by inoar. Kredyt is de opfolger fan Katarsis, Kredo en Krimp. Allegear skreaun troch Gerrit Breteler en spile troch Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma.

Foto: Henk van der Veer

Sneon 16 desimber 2017

20.30 oere Kafee

De Freonskip Blauhús

Kaarten: www.gerbenrypma.nl > Tickets

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend