Tryater spilet twa reizgjende foarstellingen rûnom Snits

0

Snits- Dizze hjerst is Tryater mei twa foarstellingen op’en paad: Wat jo wolle en Elkenien is in prutser. Yn beide foarstellingen giet it oer hoe’t we fierder komme yn it libben: dêr’t Wat jo wolle giet oer hoe’t we mei elkóar libje, giet Elkenien is in prutser oer de fraach hoe’tst it séls goed dochst. Fanôf oktober oant en mei desimber reizgje beide foarstellingen troch de provinsje.

Wat jo wolle

Fjouwer akteurs op syk nei de ideale teaterjûn, mei Lourens van den Akker, Aly Bruinsma, Nynke Heeg en Ali Zijlstra. Regisseur Tatiana Pratley: ‘Wat jo wolle giet foar my oer hoe yngewikkeld it wêze kin dat wy minsken allegearre wat wolle, en hoe’t it dan dochs de muoite wurdich bliuwt om te sykjen nei in manier om by inoar te kommen. Ik tink dat elke wize fan besykjen yn wêzen de muoite wurdich is. Net allinne it besykjen om in ideale teaterjûn foarm te jaan, mar ek it stribjen nei in ideale foarm om mei elkoar te libjen.’.

Wat jo wolle is û.o. te sjen op woansdei 25 oktober yn De Wjukken yn Mantgum (kaarten fia tryater.nl en 058-2501458) en op tongersdei 26 oktober yn It Nije Foarmidden yn Ysbrechtum (kaarten fia tryater.nl en 06-50265334/06-27258377).

 Elkenien is in prutser

De syktocht fan in generaasje (yn Fryslân). In foarstelling fan Sjoerd Blom, Romke Gabe Draaijer, Ira Judkovskaja, Raymond Muller, Eline de Vries en Brecht Wassenaar.

‘Wij zijn hier. Wij zijn nu. Wy binne tusken de 20 en 30 jier âld (Raymond net). Us heit en mem binne berne yn Fryslân. (De moeder van Raymond niet). Wy binne karnivoar (Brecht net). Wy hâlde fan silen (Eline en Brecht net). Wy wille ut goed doen. Wy wille de wereld begripe. Wy binne bang foar de dea (Sjoerd en Brecht sizze fan net). Wy prutse. En as wy it net mear witte, dan tappe wy.’

Gjin jûn is gelyk, alle foarstellingen binne premjêre. Inkele sênes binne útwurke, fierder helje de spilers ynspiraasje út harren fantasy, libben, dreamen, ferwachtingen en eangsten.

 Elkenien is in prutser is û.o. te sjen op freed 26 oktober by Douma Staal BV yn Snits (kaarten fia theatersneek.nl en 0515-431400)

Kombykoarting

Wa’t op tryater.frl tagelyk kaarten foar Wat jo wolle en Elkenien is in prutser bestelt, krijt 17,5% koarting op it totaalbedrach. De koarting wurdt automatysk ferrekkene. Dizze aksje jildt allinne op kaarten dy’t by Tryater besteld wurde.

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend