Frysk Flaamske Midsimmerjûn yn Wytgaard

0

Wytgaard – Op sneon 24 juny organisearret de Gerben Rypma Stichting fan Blauhûs har jierlikse Midsimmerjûn mei poëzy en muzyk. Diskear by de famylje Roorda op ‘Tjissema State’ oan de Fopma´s Reed yn Wytgaard.

De Flaamske dichter Delphine Lecompte út Gent en de Fryske skriuwster Marije Roorda út Broek by Joure drage foar út eigen wurk. Wiebe Kaspersma en band slúte de jûn muzikaal ôf.

Delphine Lecompte(c)koenbroos (1)Delphine Lecompte wurdt sa njonkelytsen in grutte namme yn de literêre fermiddens. Hja krige yn 2010 de C.Buddingh priis foar har bondel ‘De dieren in mij’. Yn 2016 wie hja nominearre foar de VSB priis foar har bondel ‘Dichter, Bokser, Koningsdochter’.

Marije Roorda is opgroeid op in pleats yn ´e omkriten fan Wytgaard, op dizze jûn presintearret hja har debútbondel in ‘Spantou om´e tiid’.  Marije is al in tal fan jierren dwaande mei taal en dichtsjen, hja hat de Rely Jorritsmapriis wûn mei har gedicht ‘Wat opdage’.

De muzyk wurdt fersoarge troch de jonge fryske muzikant Wiebe Kaspers mei syn band. Kaspers is drok dwaande in plakje te finen yn it Fryske muzykwrâldsje. Se sjonge Ingelske en Fryske teksten ‘dy’t hout snije’.

Midsimmerjûn Gerben Rypma Stichting
Sneon 24 juny 2017
Tjissema State, Fopma’s Reed, Wytgaard.
Ynrin 20.30 oere, oanfang 21.00 oere
Yntree €.10,00

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend