Bondelpresintaasje Oantinken

Cultuur en uitgaan Ingezonden
Bondelpresintaasje Oantinken fan Pieteke de Boer
Bondelpresintaasje Oantinken fan Pieteke de Boer Foto: Johan Bosgra

WOMMELS - Freed 24 maaie presintearret Pieteke de Boer út Wommels har earste bondel/skrift mei poëzij. Gongbere teksten oer fertriet, rou en treast. Mar net samar in bondel. Der is ek romte foar ynspiraasje en eigen wurden en oantinkens.

Dichter Pieteke de Boer wûn yn 2016 in Rely Jorritsmapriis en skriuwt foar grut en lyts. Se stiet ûnder oare mei ferskes foar bern yn It Grutte Foarlêsboek I en II. Ek hat se twa jier lang gedichtsjes skreaun foar it Instagramakkount Biebguppies. En it jubileum liet fan festival Aaipop is fan har hân.

Pieteke hat û.o. kursus hân fan Eppie Dam en Elmar Kuiper en skriuwt al har hiele libben. De foto’s by de gedichten binne fan Johan Bosgra en Liesbeth van Nieuwkasteel.

Neist poëzij is der ek live muzyk te hearren. De presintaasje is yn de bibleteek fan Wommels. Fan 16.30 oant 17.30 oere. Elts is fan herte wolkom. Opjaan fia de webside fan de bibleteek: bmf.op-shop.nl.